Explore the North krijt stipe fan twa lanlike fûnsen foar kommende edysjes

19 des 2018 - 10:17

It Ljouwerter winterfestival Explore the North krijt stipe fan twa lanlike fûnsen. It Nederlands Letterenfonds en it Fonds Podiumkunsten stypje de kommende edysjes fan 2019 en 2020.

Foto: Omrop Fryslan

Dit jier ûntwikkele Explore the North, dat yn novimber de sechsde edysje belibbe, mear eigen produksjes en (ynter)nasjonale en lokale gearwurkingen as yn de jierren dêrfoar.

Sa'n 3.000 besikers kamen op de foarstellingen ôf op ferskate plakken yn de binnenstêd. Explore the North makke dit jier diel út fan de ReOpening fan LF2018.

Meartalichheid as reade tried

It festival ûntwikkele him ta in ynterdissiplinêr produksjeplatfoarm mei literatuer, taal en meartalichheid as reade tried.

As produksjehûs wol Explore the North de kommende jierren (jonge) teätermakkers, skriuwers, dichters, muzikanten en oar talint út Fryslân en dêrbûten mooglikheden biede om har te ûntwikkeljen.

(advertinsje)
(advertinsje)