Skoalle yn Wergea is hast enerzjyneutraal en wint dêrom priis

19 des 2018 - 10:01

De Twamester yn Wergea wurdt dizze wike ûnderskieden mei in duorsumenspriis. De iepenbiere basisskoalle wurdt troch Circulair Friesland útroppen ta 'Spark of the Month' fan desimber. Dizze priis moat skoallen stimulearje om mei te helpen oan in duorsume ekonomy.

De Twamester kriget de priis omdat de bern al gau yn de kunde komme mei duorsumens. Sa binne fjouwer bernekonsjerzjes altyd dwaande mei it opkalfaterjen fan fytsen, it skieden fan ôffal en it himmeljen fan de skoalle sels. De skoalle wurket dêryn gear mei Wetsus.

Skuon út

De Twamester hat in belied foar skuon: doch se út. Bern rinne op sokken of hawwe pantoffels oan en sa bliuwt de skoalle skjinner. It is ien fan de duorsume maatregels dy't se naam hawwe foar it miljeu. De skoalle wurket hast enerzjyneutraal, mei troch in sinnepanieledak.

School in Wergea is bijna energieneutraal en wint daarom prijs

Bernekonsjerzje

De groep bernekonsjerzjes sjocht ta op it skieden fan ôffal en nimt kontakt op mei Omrin wannear't konteners fol reitsje. It skoalplein is opboud mei earder brûkte materialen.

Grientetún

Yn in spesjale tún op it skoalplein wurde grienten ferboud. "Om earlik te wêzen hienen wy noch nea earder heard fan de 'Spark of the Month', mar doe't wy it te hearren krigen wienen wy wol hiel grutsk" seit direkteur Janke Sietsma.

De priis foar de Twamester wurdt útrikt by it krystfeest fan de skoalle, woansdeitejûn yn Kultureel Sintrum De Bidler.

Easterwâlde

De foarige 'Spark of the Month' gie nei it Stellingwerfcollege yn Easterwâlde. Spark is Ingelsk foar fonk. "Met al die vonken hopen we een duurzame beweging in Fryslân aan te wakkeren" seit Heleentje Swart fan Circulair Friesland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)