Ungelok by Terwispel soarget foar opûnthâld op A7
Ferkear dat woansdeitemoarn oer de A7 fan It Hearrenfean rjochting Beetstersweach gie, hie te meitsjen mei opûnthâld. Troch in ûngelok wiene beide rydstripen in skoft ôfsletten en moast der gebrûk makke wurde fan de flechtstreek. Dat soarge foar in flinke file.
Oarsaak fan it opûnthâld wie in ûngelok dêr't meardere auto's by belutsen wiene. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net bekend. Wol is dúdlik dat der gjin minsken by ferwûne rekke binne.
Troch sjoggers nei it ûngelok fûn der ek yn de oare rjochting in ûngelok plak. Ek dêrby is nimmen ferwûne rekke. It opûnthâld dat troch dat ûngelok ûntstie, wie samar wer foarby.