Kollum: "Jittik"

19 des 2018 - 07:42

"Fannewike krige ik in tweet. Wêrom't ik moarns altyd in sitroen útpars, yn stee fan in sinesapel. Sil ik dat ris útlizze. Yn de hiele wrâld wurdt it ferskil tusken ryk en earm hieltyd grutter. Hjir ek. De riken komme net foar de earmen op. Sterker, se soargje ek noch dat we se net mear hearre kinne.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Rutte sei dat we der allegear op foarút gean soenen. Dat blykt twa moanne dêrnei al net mear sa te wêzen. Rutte besoademiteret ús. Dat mei. Wy litte ús besoademiterje. Dat mei net.

De banken besoademiterje ús ek noch hieltyd. De bazen dêrfan strike bakken fol jild op foar it mei elkoar bepraten hoe't se noch mear swart jild wytwaskje kinne. Sikehuzen falle allegear ien foar ien om. It blykt lang om let dat alle jild yn de sûnenssoarch nei oandielhâlders, direkteuren en sjirurgen giet.

Yn de hiele wrâld binne ûntelbere wrede oarloggen oan de gong. Dan kin de wapenyndustry yn de rike lannen moai bestean bliuwe. It wurdt allegear bepaald troch in lyts groepke Poetins en Trumpen en sa. Dy binne wat oan it boartsjen. Stratego leau ik.

De flechtlingen wolle we ús net oer bekroadzje. Dy ha in oar leauwe. En wat in oar leaut, doocht net. Soms is dat ek sa. Dan wurde se terrorist. Dy libje ûnder ús. Dus we wantrouwe en haatsje elkoar allegear. En we libje yn in wrâld dat dat soarte minsken harsels opblaze.

De Nederlânske regearing wol de minsken warskôgje foar nepnijs. Dat it nedich is. Mar wannear't je net mear dogge as wat roppe op Facebook, dan feroaret der ommers neat. Hâld je dan ek mar stil.

De kriminele wrâld yn Nederlân wurdt ûnfoldwaande oanpakt. Rike drugsbazen driigje boargemasters del te sjitten. Dêrom is it tusken heakjes wat frjemd te lêzen dat in offisier fan justysje, Oebele Brouwer, drok dwaande dy wrâld oan te pakken, no sels boargemaster wurdt.

De drugsmaffia hjirre fertsjinnet njoggentjin miljard oan drugs. Nederlân wurdt hieltyd drokker besocht troch snuvers. We snuve sels ek en meitsje dêrtroch in kear sa folle ûngemakken. Begrutlik dat boargemasters dan besykje ien weedplantsje earne op in folkstúntsje te krijen.

Nederlân krijt der noch wer mear fleantugen by. En tanks. Dan is takomstich Earste Keamerlid Ferd Crone ek noch bliid. Mei dat se fine dat arbeidsplakken altyd wichtiger binne as hokker prinsipe dan ek, is de PvdA dus ek alhiel neoliberaal wurden.

De boeren ha it lân yn Fryslân ferkloate. Se wolle der wol mei ophâlde, mar dan moatte se betelle wurde. Net ien wol dat jaan. Sterker, ús Fryske oerheid seit "kloat dan noch mar efkes troch."

We foldogge absolút net oan hokker klimaatakkoart dan ek. Dat wite we wol, mar we dogge der hielendal neat oan. We kinne hjir net iens in wynmûneparkje fan de grûn krije. We wolle net dat op in pear stikjes griene greide no sinnepanielen kweekt wurde.

Ek it boarjen nei gas giet gewoan troch. Je wurde dochs ferskriklike lulk wannear't je lêze dat der gewoan wer konsesjes ferliend wurde. Je soene it yn dizze lamliddige gemeentebestjoer fan Weststellingwerf wol yn in karbidbus ôfsjitte wolle.

Want dat mei ek wer oeral. Op dy dei dat we alle helpferlieners tsjinhâlde om har wurk te dwaan. Wy wurde in rudich folk wannear't we in pear hân ha. Hearrenfean en Cambuur fuotbalje weardeleas. Sven Kramer hat it yn de rêch en Sjinkie Knegt rydt himsels oer mei in sjofel.

In steatskommisje seit dat ús politike bestel alhiel net mear doocht. We stimme, fierder dogge we net mei. Dat moat feroarje, sizze se. Mar dat bart net omdat de minsken dy't dat feroarje moatte, net wolle dat it feroaret.

It is dus tiid foar giele oerstrûperkes. Like massaal as yn Frankryk. Allinne plysje en leger binne dêr en ek hjir yn hannen fan de oerheid. Dus wurdt elkenien massaal wer út it oerstrûperke weihuft.

In Sweedske âld-minister sei fannewike yn in ynterview dat minsken altyd massaal de strjitte opgean at se earne tsjin binne, mar se binne noait massaal earne foar. Dêrtroch binne wy ynienen allegear blokkearfriezen wurden. Ik kin it wurd fan it jier net út de bek krije.

Sa. Tink dêr mar ris oer nei wannear't jim o sa gesellich ûnder dy krystbeam sitte."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)