'KNSB-dokter bea Ykema yn tachtiger jierren doping oan'

19 des 2018 - 06:30

Ald-reedrider Jan Ykema seit yn De Volkskrant dat er yn de tachtiger jierren doping oanbean krigen hat fan de dokter fan reedridersbûn KNSB, Rob Pluijmers. Syn ferhaal wurdt befêstige troch in reedrydster, dy't anonym bliuwe wol.

Jan Ykema yn aksje - Foto: ANP

Ykema seit dat Pluijmers him begeliede woe by it brûken fan anaboale steroïden. Beide reedriders sizze dat se net op it oanbod fan de dokter yngean binne. Pluijmers sels ûntkent. De KNSB is skrokken en kart it ôf, mocht it ferhaal wier wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)