Fryske deputearren jouwe harsels in flinke foldwaande

19 des 2018 - 06:01

It kolleezje fan Deputearre Steaten is tefreden oer wat it de ôfrûne fjouwer jier berikt hat. De deputearren fan CDA, VVD, FNP en SP stelle dat se hast alle doelstellingen út it koälysjeakkoart 2015-2019 helle ha. It kolleezje skriuwt dat yn evaluaasje oan de leden fan Provinsjale Steaten.

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Deputearre Sander de Rouwe fan it CDA fynt dat de resultaten fan de ôfrûne fjouwer jier "yn alle beskiedenheid" in 8+ fertsjinje, sa sei er tiisdei op it wyklikse parsepetear. Partijgenoat Sietske Poepjes ûnderskriuwt dat sifer. Klaas Kielstra (VVD), Johannes Kramer (FNP) en Michiel Schrier (SP) litte harren net oer sifers út, al seit de lêste dat it heger leit as it sifer dêr't er earder op skoalle tefreden mei wie.

It iennichste doel dat folslein net helle is, is de komst fan in nij akwadukt yn de A6 by Skarster Rien. Oare saken binne wol goed gien. Sa is deputearre De Rouwe bliid dat bedriuwen yn it midden- en lytsbedriuw it goed dogge en dat de eksport yn Fryslân flugger groeit as yn de rest fan it lân.

Tefreden deputearren

Deputearre Kielstra is der yn slagge it lestige dossier fan de komst fan wynpark Nij Hiddum-Houw troch Provinsjale Steaten te krijen en it personielsbestân fan de provinsje sûnder twongen ûntslaggen werom te bringen. Deputearre Poepjes is bliid dat it oanlizzen fan glêsfezel yn Fryslân fan de grûn kommen is en dat de grutte ynfrastrukturele projekten klear binne.

Deputearre Kramer is grutsk dat de Fryske lânbou lang om let 'fergrienet' en dat de guozzeskea mei 24 prosint weromrûn is. Deputearre Schrier sjocht tefreden nei it feit dat hieltyd mear Friezen de needsaak ynsjogge fan de enerzjytransysje.

(advertinsje)
(advertinsje)