Tûzenen hantekens foar petysje tsjin sânwinning Iselmar

18 des 2018 - 22:46

De petysje tsjin de sânwinningsplannen yn de Iselmar hat online mear as tsientûzen hantekens binnen helle. Dêrneist binne der ek nochris in pear hûndert hantekens op papier binnen kaam. De petysje is in inisjatyf fan ferûntrêste bewenners fan de Iselmarkust dy't benaud binne foar oerlêst.

It sânwinningseilan sa as it der neffens Royal Smals utsjen sil - Foto: Byld: promofilm Royal Smals

Sa soe it winnen fan sân foar lûdsoerlêst soargje kinne en soe it skealik wêze foar de natuer. De petysje wurdt ek stipe troch in grut tal organisaasjes, sa as It Fryske Gea en Natuurmonumenten.

It Limboarchske bedriuw Royal Smals wol de kommende tritich jier sân helje út de Iselmar, mar moat noch grien ljocht krije fan de gemeente De Fryske Marren. De gemeenteried hat it beslút lykwols útsteld oant jannewaris takom jier.

(advertinsje)