Trije Fryske derby's yn tredde ronde distriktsbeker

18 des 2018 - 22:45

Yn de tredde ronde fan de distriktsbeker yn it amateurfuotbal binne trije Fryske derby's. Dat is de útkomst fan de lotting, dy't tiisdeitejûn holden waard yn de kantine fan SC Genemuiden, dy't tiisdei útskeakele waard troch HZVV. Der komme yn totaal alve Fryske ploegen yn aksje yn de tredde ronde.

Foto: www.orange-pictures.nl

De sneonsploech fan Snits Wyt Swart spilet thús tsjin BCV en in oare Fryske derby is SDS tsjin SC Twizel. Ek Drachtster Boys moat tsjin in Fryske tsjinstanner, mar sy witte noch net tsjin wa. Dat wurdt Harkemase Boys 2 of Be Quick Dokkum.. Dy ploegen spylje takom sneon noch tsjininoar yn in tuskenronde.

De heechst spyljende Fryske ploech yn it bekertoernoai is Bûtenpost. De sneonshaadklasser moat yn de tredde ronde tsjin sneinshaadklasser Achilles 1894.

Lotting tredde ronde foar Fryske teams

Helpman (sneons) LAC Frisia 1883
Harkemase Boys 2 of Be Quick Dokkum Drachtster Boys
Marum Broekster Boys
Snits Wyt Swart (sneins) Hoogeveen
Snits Wyt Swart (sneons) BCV
Burgum Winsum
Bûtenpost Achilles 1894
SDS SC Twizel

De wedstriden wurde spile op sneon 23 en snein 24 febrewaris.

Bekertoernoai foar amateurklups

De distriktsbeker is it toernoai foar Nederlânske amateurklups. Klups út de haadklasse en leger dogge oan it toernoai mei. De twa Fryske klups yn de tredde difyzje, Harkemase Boys en ONS Snits, dus net. Sadwaande is Bûtenpost de heechst spyljende Fryske klup yn dit bekertoernoai.

Der binne seis KNVB-distrikten yn Nederlân. Alle Fryske klups sitte yn distrikt Noard.

Trefwurden: 
fuotbal distriktsbeker
(Advertinsje)
(Advertinsje)