FIDEO: Lotte en Fred Boersma hiene nei Hunted wol wat lêst fan paranoia

18 des 2018 - 22:42

Underdûke, liftsje, in sliepplak sykje, Fred en Lotte Boersma wiene wiken lang op 'e flecht foar in opspoaringsteam. Heit en dochter diene mei oan it telefyzjeprogramma Hunted, wêryn't dielnimmers trije wiken lang besykje te ûntkommen oan hunters. Moandeitejûn wie de lêste ôflevering fan it seizoen, mei Lotte yn de finale.

Tafelpetear Hunted

Heit Boersma waard al earder pakt, mar dochter Lotte wist lang út hannen fan it opspoaringsteam te bliuwen. Op in kertierke foar de finish waard se lykwols oppakt. Dochs is Lotte net teloarsteld dat se de einstreek net helle hat. "Ik had nooit verwacht dat ik zover zou komen. Ik ben eigenlijk wel heel blij met hoe het is afgelopen."

It gie de dielnimmers oan it programma net yn 'e kâlde klean sitten, om hieltyd op 'e flecht te wêzen. "Als je ze ziet lopen en je moet dan nog weg zien te komen, dat doet wel wat met je", seit Lotte. "Ja, dan giet dyn hertslach aardich omheech, hear", follet Fred oan.

Paranoia

Hunted waard fan 't simmer opnaam. Ek dêrnei rûn de spanning ûnferwachts noch sa no en dan heech op by Lotte en Fred en hiene se wat lêst fan paranoia. "Ik dacht van niet, totdat ik een patatje aan het bestellen was in Sneek. Daar stonden twee van die grote mannen van de handhaving, en ik schrok zo ontzettend! Toen dacht ik: oh, het heeft dus blijkbaar wel nog iets met mij gedaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)