Aris útskeakele yn beker troch topfavoryt Zwolle

Aris is útskeakele yn de achtste finale fan it bekertoernoai. De Ljouwerters koene in skoftlang aardich ferset biede tsjin Zwolle, de koprinner yn de kompetysje, mar ferlearen úteinlik mei 68-89. By Aris makke Craig Osaikhwuwuomwan syn rentree. Hy makke 10 punten en pakte 8 rebounds.
Craig Osaikhwuwuomwan © www.dijksfotografie.nl
Aris begûn goed oan de wedstriid. Nei in foarsprong fan Zwolle, fochten de Ljouwerters har werom yn de wedstriid. Doe't it earste kwart dien wie, stie der sels in foarsprong foar de Ljouwerters op it skoareboerd: 21-19.
Yn it twadde kwart koe Aris dat noch even folhâlde, mar yn de lêste pear minuten foar it skoft rûn Zwolle hurd út nei in foarsprong fan tsien punten.
Nei it skoft koe Aris net mear echt weromkomme yn de wedstriid. Yn it tredde kwart diene de Ljouwerters net bot ûnder foar Zwolle, mar spannend waard it ek net. Yn it begjin fan it fjirde kwart kaam Aris noch wol wat tichterby, mar nei in pear kear balferlies wiene alle kânsen op in stunt fersjoen.

Statistiken

Aris hold Zwolle ta in leech skotpersintaazje mei de trijepunters, mar fan tichteby wiene de besikers wol hiel sekuer: 75% fan de twapunters giene deryn. Benammen Nigel van Oostrum miste hast net. Aris skeat 52% fan binnen de trijepuntssirkel.
By Aris wie Nick Masterson goed foar 14 punten. Njonken him en Osaikhwuwuomwan sieten ek Griffin Kinney (12) en Deividas Kumelis (10) yn de dûbelde sifers. Michaels stie yn hast alle statistikekategoryen: 8 punten, 5 rebounds, 3 assists, 3 steals, mar ek 6 kear balferlies.