Olde Riekerink wol noch neat kwyt oer opstelling tsjin ODIN'59

18 des 2018 - 21:44

Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink woe tiisdei noch net sizze mei watfoar opstelling er woansdei de KNVB-wedstriid tsjin ODIN'59 spylje sil. Yn it bekerduel tsjin de treddedifyzjonist stiet in plak yn de kwartfinale op it spul. Foar Hearrenfean is it nei Katwijk en Groene Ster al de tredde amateurklup as tsjinstanner yn it bekertoernoai.

Dat it tsjin amateurklups net altyd maklik is, ûnderfûn Hearrenfean yn de foarige ronden. "Wat dat betreft hebben we twee waarschuwingsschoten gehad", seit Olde Riekerink. "Daar zijn we niet zomaar overheen gelopen."

ODIN stunte tsjin Emmen

Boppedat hat ODIN'59 yn de foarige ronde foar in stunt soarge, troch FC Emmen út te skeakeljen. Olde Riekerink hat dy wedstriid ek sjoen. "Het is een ploeg die heel compact kan spelen. Ze hebben fysieke kracht. we weten ongeveer wat ons te wachten staat. Maar Emmen had de wedstrijd al eerder af kunnen maken."

Hoe moat Hearrenfean de ploech út Heemskerk oanpakke? Olde Riekerink: "Tegen dit soort ploegen moet je een aantal basisprincipes hanteren: goed breed houden, snel de bal laten gaan, snel in de omschakeling zijn."

Neat kwyt oer opstelling

Oft Olde Riekerink wizigingen trochfiert yn syn basis, woe er dus noch net sizze. Dus it is ek noch net bekend oft Pelle van Amersfoort spilet tsjin de klup dêr't er in oantal freonen spyljen hat. Van Amersfoort komt út Heemskerk.

Wol wis is dat Olde Riekerink in pear spilers mist. Daniel Høegh en Mitchell van Bergen ha wat lêst en binne noch fraachtekens. Dave Bulthuis is der yn alle gefallen net by. Hy spilet foar de winterstop net wer.

Alde bekende foar Olde Riekerink

By ODIN'59, dat by de Fryske klups Harkemase Boys en ONS Snits yn de kompetysje sit, is Richard Plug de trainer. Dat is gjin ûnbekende fan Olde Riekerink. Beiden ha se yn it ferline by Telstar spile.

Wedstriid is yn Velsen

De wedstriid wurdt trouwens net yn Heemskerk spile. De ljochtynstallaasje op it sportpark fan ODIN'59 is net goed genôch en dêrom wurdt útwykt nei it stadion fan Telstar yn Velsen.

De boargemaster fan dy gemeente drige earder de wedstriid net trochgean te litten, omdat der mooglik te min ferkearsregelders wêze soene. En dy binne wol nedich, omdat Youp van 't Hek yn in útferkochte skouboarch spilet, flakby it stadion. Mar dat probleem is yntusken oplost. Sawol de gemeente, de skouboarch as Telstar roppe supporters wol op safolle mooglik mei it iepenbier ferfier of mei de fyts te kommen.

(advertinsje)