Hearrenfeanfroulju dogge minne saken mei doelpuntryk gelykspul

18 des 2018 - 21:37

De froulju fan Sportklup Hearrenfean ha minne saken dien yn de striid om in plak yn de kampioenspûl. De ploech fan Roeland ten Berge spile op it eigen sportpark Skoatterwâld nei in spektakelstik mei 3-3 gelyk tsjin konkurrint PEC Zwolle. Dêrtroch bliuwt Hearrenfean sânde en hat de ploech in plak by de earste fiif, en dus in plak yn de kampioenspûl, net mear yn eigen hannen.

Fenna Kalma

Hearrenfean kaam nei 19 minuten mei 1-0 efter doe't Rebecca Doejaaren by de earste peal út in corner binnen kopte. Hearrenfean kaam better yn de wedstriid en kaam op gelikense hichte. Twa minuten nei de 1-0 makke Kerstin Casparij 1-1 nei in goeie aksje en in assist fan Fenna Kalma.

Nei 36 minuten makke Laura Strik ien op ien mei keeper fan Zwolle de 2-1. Babiche Roof makke krekt foar it skoft 2-2. De assistint-skiedsrjochters flagge foar bûtenspul, mar de skiedsrjochter naam it sinjaal net oer.

Fol foar de winst

Yn de twadde helte gongen beide ploegen foar de winst. Zwolle kopte op de latte en in goal hong yn de loft. Babiche Roof makke yn de 69e minút dan ek de fertsjinne 2-3. Dochs kaam Hearrenfean goed werom, krigen se kânsen en makken se gelyk. Spits Fenna Kalma kopte út in corner de 3-3 binnen mei in kertier te gean.

Hearrenfean gong dêrnei op syk nei de trije punten en krige noch goeie kânsen, mar doelpunten foelen der net mear.

Roeland ten Berge

Freed spilet Hearrenfean tsjin de konkurrint foar it fiifde plak Alkmaar, dy stean no fiifde.

Stân Earedifyzje (earste fiif nei kampioenpûl, klups mei * binne al wis)

Wedstr. Pnt. Doelsaldo
1. PSV* 13 34 +40
2. FC Twente* 14 30 +25
3. ADO Den Haag* 13 25 +18
4. Ajax* 14 25 +18
5. Alkmaar 14 17 -11
6. PEC Zwolle 13 14 -7
7. SC Hearrenfean 13 13 -7
8. Excelsior Barendrecht 13 7 -22
9. Achilles'29 13 6 -54
(Advertinsje)
(Advertinsje)