Sprinterferfier tusken Ljouwert en Zwolle mooglik nei oare ferfierder

18 des 2018 - 21:02

Fan 2025 ôf kinne de sprinters op it spoar tusken Ljouwert en Zwolle fersoarge wurde troch in oare ferfierder. No ride der noch treinen fan de NS op dat trajekt, mar oare ferfierders meie der yn de takomst ek op ynskriuwe. Itselde jildt foar de trajekten Zwolle-Grins en Apeldoorn-Enschede. Dat hat de Twadde Keamer tiisdei besletten. Arriva hat earder al sein dat ferfier fersoargje te wollen.

Spoar - Foto: Shutterstock.com

Dy trije trajekten kinne wat de Twadde Keamer oanbelanget 'desintralisearre' wurde. Dat betsjut dat it net mear fêststiet dat de NS dêr treinen ride litte mei. De tsienjierskonsesje fan de NS rint ôf yn 2025 en dan meie dus ek oare bedriuwen ynskriuwe op dy konsesje. De intercitytsjinsten bliuwe wol yn hannen fan de NS.

Bettere ôfstimming mei busferfier

It buro Twynstra Gudde hat ûndersyk dien nei it útbesteegjen fan de sprintertsjinsten. Neffens har kinne oare ferfierders in kompleter pakket oanbiede as de NS. Boppedat ferwachtsje se dat de oansluting mei it busferfier dan better ôfstimd is.

Arriva wol al langer dat de trajekten iepensteld wurde. Arriva-baas Anne Hettinga wol dat der mear treinen yn 'e oere ride op it trajekt. Yn 2005 krige Arriva ek al it trajekt Ljouwert-Grins tabedield.

Trefwurden: 
NS spoar Arriva sprinter
(advertinsje)
(advertinsje)