Twa lokaasjes foar brede skoalle yn Beetstersweach

18 des 2018 - 20:14

Yn Beetstersweach wurde de gebouwen fan basisskoallen De Trime en De Paedwizer ferfongen troch ien gebou foar in brede skoalle. Nei ûndersyk, wêrby't ek it ûnderwiis en de ynwenners befrege binne, bleaune der twa lokaasjes oer as opsje foar de skoalle: de hjoeddeiske lokaasje fan De Trime en it oefenterrein fan fuotbalferiening De Sweach.

Der is ek sjoen nei it plak dêr't De Paedwizer no stiet, mar dy lokaasje is ôffallen. Ynwenners tinke dat de oare plakken mear kânsen opsmyt en ek it ûnderwiis sjocht de oare plakken mear sitten.

Op de lokaasjes fan De Trime en De Sweach is der genôch plak, ûnder oare foar it bûten boartsjen. Boppedat leit De Sweach tichteby de biblioteek en bûtensportfoarsjenningen en dat is in foardiel.

Yn 2021 klear

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn Opsterlân komt no mei in foarkar. De ried hat ek frege om in alternatyf senario. Nei it advys fan it kolleezje beslút de gemeenteried yn febrewaris wat it wurdt.

Nei't de lokaasje keazen is, komt it ûntwerp. It is de bedoeling dat de skoalle yn 2021 klear is.

(advertinsje)