Frou frijsprutsen fan stellen Frânske buldoch út Wurdum

In 39-jierrige frou dy't in Frânske buldoch stellen ha soe út in hûs yn Wurdum, is tiisdei frijsprutsen. De frou komt út Soesterberg. Se waard derfan fertocht dat se de hûn yn april sûnder tastimming en mei geweld meinommen hie. Mar neffens de rjochter wie der net genôch bewiis.
Dit is net de hûn út it berjocht © pxhere
It wie it wurdt fan de fertochte tsjin it wurd fan in frou út Wurdum. De Wurdumse hie de hûn oernommen fan de fertochte, mar feitlik soene se noch mei har twaen eigener wêze fan de buldoch. Se wiene earder freondinnen en se soene tegearre hûnen fokke.
Doe't de freonskip ta in ein kaam, woe de frou út Soesterberg de hûnen werom ha. Se spruts tsjin dat se de hûn mei geweld út Wurdum meinommen hie. Neffens har hie de Wurdumse de hûn gewoan meijûn. De frou út Wurdum sei lykwols dat de frou út Soesterberg mei twa manlju har hûs mei geweld binnenkaam wiene.
De rjochter fûn dat der net genôch bewiis wie. Boppedat wie it net hielendal dúdlik wa't no echt de eigener fan de buldoch wie. Op papier wol de Wurdumse, mar de frou út Soesterberg sei dat se mûnling oerienkaam wiene dat se beide eigener wiene. Der wiene te folle twivels, fûn de rjochter.