Fryske VVD'er Jan Huitema op twadde plak by Europeeske ferkiezingen
Jan Huitema fan Makkingea stiet op it twadde plak fan de VVD-kandidatelist foar de Europeeske Parlemintsferkiezingen. It giet om in advyslist. VVD-leden bepale letter de definitive list.
Yn 2014 stie Huitema noch sechsde op de kandidatelist fan de VVD. Doe fierde er kampanje mei de slogans 'Boer zoekt stem' en 'Brussel kan wel wat boerenverstand gebruiken'. Hy krige by dy ferkiezingen 25.798 foarkarsstimmen en dêrmei klom er nei it tredde plak fan de VVD-list.
Azmani is listlûker
By de kommende ferkiezingen stiet allinnich Malik Azmani noch boppe Huitema. Dy is berne op It Hearrenfean. Syn mem komt út Fryslân. Azmani wennet no yn Dalfsen. Dat Azmani listlûker wurde soe, wie al earder bekend.
De ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint binne yn Nederlân op tongersdei 23 maaie.