Twa Fryske finylsaken hearre lanlik by de bêsten fan dit jier

Der steane twa Fryske platesaken yn de lanlike top-50 fan bêste platesaken fan it jier. It giet om Groovy Tosti fan It Hearrenfean op 30 en it Ljouwerter King Kong Records op 32.
© ANP
Groovy Tosti is de heechste nijkommer yn de list. Ynwenners fan It Hearrenfean binne neffens de kommentaren by de list bliid dat der wer ris finyl kocht wurde kin. De opstellers fan de list priizgje de kombinaasje fan de ambiânse en it harkjen nei muzyk op vinyl. Boppedat is de service goed. "Eerst even een tosti nemen en dan lekker sneupen tussen de lp's. Een aanwinst voor het Noorden."
Twa plakken ûnder Groovy Tosti stiet dus King Kong Records út Ljouwert. Dy binne goed tweintich plakken klommen, want ferline jier stie de saak noch op 53. "Altijd kundig commentaar bij vragen en geen poeha. Gewoon voeten op de grond", stiet by it oardiel.
Minsken koene by LP Vinyl stimme op har favorite platesaak. De measte stimmen giene, krekt as in jier lyn, nei Diskid út Zwolle. It twadde plak wie foar North End út Haarlem en Vinylparadijs yn Geesteren stiet op trije.