Kurator Fries Museum is nije direkteur Mondriaanfûns

18 des 2018 - 18:20

Eelco van der Lingen, dy't no noch konservator is by it Fries Museum yn Ljouwert, wurdt mei yngong fan 1 maart direkteur fan it Mondriaan Fonds. Dat is it Nederlânske stimulearringsfûns foar byldzjende keunst en kultureel erfgoed. By it Fries Museum hâldt Van der Lingen him sûnt april ferline jier dwaande mei hjoeddeiske en moderne keunst.

Eelco van der Lingen - Foto: Hein van Liempd

Van der Lingen oer syn nije baan: "Binnen het Mondriaan Fonds komt de zorg voor het erfgoed samen met die voor de kunst van nu. Erfgoed laat zien waar we vandaan komen. Kunst biedt ons perspectief op wie we (kunnen) zijn."

Dêrby giet it neffens Van der Lingen om elkenien: "Wie 'we' zijn, is momenteel terecht een belangrijk aandachtspunt. Het Mondriaan Fonds is er voor iedereen en ik hoop dat we meer mensen het gevoel kunnen gaan geven dat ook zij bij 'wij' horen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)