Stabiliteitsproef iishockeyhal Thialf: 1000 kilo druk op gevel en konstruksje

18 des 2018 - 17:49

Op It Hearrenfean is in stabiliteitstest útfierd by de iishockeyhal fan Thialf. Twa wiken lyn waard dy hal sletten troch boargemaster Tjeerd van der Zwan, omdat net wis is oft de muorren wol stevich genôch binne. Undersyk en ynspeksjes joegen gjin dúdlikheid. No is in proef dien om te sjen oft de konstruksje foldocht oan de wetlike easken.

Stabiliteitsproef Thialf útfierd

Foarsichtich is de lûkkrêft opfierd mei alle kearen 100 kilo oant der 1000 kilo druk op de gevel en de konstruksje stie. Sa binne ekstreme krêften simulearre, sa as hiel hurde wyn.

De útkomsten fan de test wurde tiisdei en woansdei besprutsen. De gemeente nimt nei oanlieding fan dy útkomsten in beslút oft de hal al of net wer iepen kin. Dat is benammen fan belang foar de iishockeyers fan UNIS Flyers. Dy binne bot dupearre troch de sluting fan de hal.

Der binne trije mooglikheden: as de konstruksje net stabyl is, sil it lang duorje foardat de hal iepengiet. Of der is in lytse oanpassing needsaaklik en dan duorret it minder lang. Of der is neat oan de hân en de hal kin fuortendaliks wer iepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)