Miljoenen foar gearwurkjen en oanjeien duorsum Waad

Minister Carola Schouten fan Lânbou, Natuer en Fiskerij hat besletten fan 1 jannewaris takom jier ôf nochris fjouwer jier lang troch te gean mei it saneamde programma 'Naar een Rijke Waddenzee'. Jierliks giet it om in budzjet fan twa miljoen euro wêrfan't it Ryk in grut part betellet.
Grize seehûn mei jong op Skylge © Remco de Vries
De organisaasje wurket as in soarte fan ferbiner en oanjager tusken it grutte ferskaat oan partijen dat op en by it Waad aktyf is. Doel is de ferbettering fan de natuer en der wurdt besocht om ekonomyske aktiviteiten, lykas fiskerij en rekreaasje, op sa'n wize te dwaan dat it de natuer net yn it paad sit.
Sa binne der plannen makke om de briedfûgels fan it Waad te helpen en is der ynset op de komst fan in saneamd Dark Sky Park op Skylge. Dat soarte fan wurk kin no trochsetten wurde. De minsken dy't dat wurk útfiere, sitte foar it grutste part yn Ljouwert.