Friezinne leit misbrûkskandaal yn Brazilië bleat

Se socht yn Brazilië help foar har trauma's, mar kaam yn de klauwen fan in meunster terjochte. De 34-jierrige Zahira Lieneke Mous waard misbrûkt, mar besleat wat har oerkaam is te fertellen. Zahira blykt in foarbyld, want mear as fiifhûndert froulju ha no melding fan misbrûk dien.
Zahira fertelt oer misbrûk
Se hat no efkes rêst, al is dy relatyf want it is noch drok yn har holle. Zahira Lieneke Mous bekomt feilich by har heit en mem fan de hektyk dy't se feroarsake hat yn Brazilië. De koreografe hat dêr op de nasjonale telefyzje ferteld oer seksueel misbrûk troch de ferneamde spirituele genêzer João Texeira de Faria. Dêrnei stie it hiele lân op de kop, mear as fiifhûndert froulju hawwe yntusken melding dien fan misbrûk. De plysje hat de goeroe snein oppakt.

Traumatysk

It misbrûk barde fjouwer jier lyn. Zahira Lieneke Mous socht help foar it ferwurkjen fan trauma's fan eartiids. Se hat as lyts famke in traumatyske seksuele ûnderfining meimakke en se is ek nochris yn Ljouwert ferkrêfte doe't se njoggentjin wie. Se besocht De Faria yn syn doarp, dêr't in soad minsken op ôfkamen op syk nei genêzing. "Mar op in dei gong it mis. Wy wiene mei in grutte groep, mar hy naam mei apart foar in priveesesje. Dat fûn ik nuver. Dêrnei binne der dingen bard dy't ik leaver net fertel, dat is te dreech, dat rekket my noch hieltyd te bot."
© Auke Zeldenrust

Oanjefte

Fjouwer jier lyn ferwurket se it misbrûk yn stilte. Se bliuwt yn Brazilië en trout mei har freondinne. Mar it wurdt hieltyd dreger om de lêst fan it ferline te dragen. "Einlik ha ik it ferteld, in fulkaan dy't útbarste. Ik doch it net allinne foar my, mar ek foar al dy froulju dy't ek misbrûkt binne troch dit meunster, want dat is hy." Zahira Lieneke Mous hat tiisdei oanjefte dien by de plysje yn Sao Paulo.