Trije moanne sel fanwege wapen yn de kofferbak
In man (21) út Drachten moat trije moanne de sel yn, fanwege ferbean wapenbesit. De man waard yn july betrape mei in fjoerwapen en alve patroanen yn de kofferbak fan syn auto.
In tsjûge hie sjoen dat twa manlju fan út in kroech nei in auto rûn wiene en dat ien fan har de kofferbak iepen die. De tsjûge hie dêr in trochladen pistoal mei munysje yn lizzen sjoen en dêrnei de plysje belle.
De fertochte woe by de plysje neat sizze, mar by de rjochter hie er mear te fertellen. Dêr sei er dat er net wist dat it wapen yn syn auto lei. Hy ferkearde doedestiids yn 'skimige' rûnten en soe syn auto geregeld útliend ha. De rjochter en de offisier fan justysje leauden dat net.