Boete ûnder betingst foar âlde jildkistke-dief

In 78-jierrige Irakese asylsykster hat fan de rjochter in jildboete fan 200 euro ûnder betingst krigen, omdat se besocht hat in jildkistke te stellen. Dat kistje stie yn in kream dêr't make-up ferkocht waard, op in bradery yn Balk, fan 't simmer. De eigeneres fan de kream betrape de frou en pakte it jildkistke werom.
Stelle © Shutterstock.com
De fertochte sei dat se in kistje socht om tee yn te dwaan, mar de offisier fan justysje leaude dat net. Dan wie se by in make-up kream oan it ferkearde adres. Boppedat hie in tsjûge sjoen dat de frou in wike earder ek al besocht hie in jildkistke út in merkkream te stellen.
Fanwege de hege leeftiid fan de fertochte en omdat de frou kwealik jild om hannen hat, lei de rjochter in boete ûnder betingst op.