Twadde Keamer nimt petysje Ried fan Fryske Beweging yn ûntfangst

18 des 2018 - 16:49

In delegaasje fan sân Twadde Keamerleden hat tiisdeitemiddei de petysje yn ûntfangst nommen fan de Ried fan de Fryske Beweging oer de posysje fan it Frysk. Foarsitter Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging frege de twadde keamerkommisje foar ynlânske saken tiisdei om better tafersjoch op ûnderwiis fan it Frysk, mar ek om in bettere sichtberheid fan it Frysk, bygelyks op alle plysje-auto's yn Fryslân.

Geart Benedictus

Under de keamerleden dy't de petysje yn ûntfangst namen sieten ek de Fryske keamerleden Isabelle Diks fan GrienLinks, Harry van der Molen fan it CDA en Aukje de Vries fan de VVD. Twadde Keamerlid Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie, út Grinslân, fertelde nei ôfrin dat se de no tongersdei fragen stelle sil nei oanlieding fan de petysje oan minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken.

Stieneke van der Graaf (CU)

Van der Graaf, Diks en Van der Molen hoopje sa te berikken dat it Frysk yn 2019 in plakje krijt op de politike aginda fan de Twadde Keamer. Benedictus wie tige ynnommen mei dy reaksje: "Dat is mear as dêr't wy op hope hiene." Benedictus joech de oanwêzige Twadde Keamerleden in petysje, in eksimplaar fan de resinte bestjoersôfspraak oer it Frysk tusken Ryk en provinsje en in eksimplaar fan it nije Frysktalige tiidskrift 'De Nije', in útjefte fan de Fryske Beweging.

Isabelle Diks (GL)

'Plysje' op plysje-auto's

"De tekst 'plysje' op de politieauto's in Fryslân, daar is GroenLinks zeker niet op tegen", sei Isabelle Diks nei ôfrin. De politika sei ek dat se it 'mar nuver' fynt dat guon skoalbestjoeren yn Fryslân it Frysk gjin plak jouwe op it lesroaster, wylst it Frysk wol in ferplicht fak is. "Ik zou me goed kunnen voorstellen dat we daar een rondetafelconferentie over organiseren om vast te stellen wat precies het probleem is."

Geart Benedictus hold de Twadde Keamerleden foar dat 'in mearderheid fan de Friezen in analfabeet is in eigen taal'. "De nieuwe bestuursafspraak tussen Rijk en provincie lost dat probleem niet op."

Mei de provinsje hat ek it Ryk in soarchplicht as it giet om it ûnderwiis fan it Frysk, sei Benedictus yn de steatepassaazje fan it Twadde Keamergebou.

Geart Benedictus (links) mei de petysje en Twadde Keamerleden - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Benedictus docht stap werom

It oanbieden fan de petysje is ien fan de lêste aksjes fan Benedictus as foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging. Hy hat besletten om in stapke werom te dwaan. Foar it krewearjen fan de Fryske Beweging foar de posysje fan it Frysk makket dat neffens him neat út. "De Fryske Beweging is in beweging, dy giet ek sûnder my wol troch."

De delegaasje fan de Fryske Beweging yn de Twadde Keamer bestie út sân, foar it grutste part wat âldere, manlju. Mar de minsken moatte net tinke dat de Ried in fergrize klup is: "Op tiisdeitemiddei ûnder wurktiid geane de dingen sa. Jongere minsken binne oan it wurk en hawwe dan gjin tiid."

Harry van der Molen (CDA)

Keamerleden op skerp sette

Twadde Keamerlid Harry van der Molen koe wol wurdearring opbringe foar de aksje fan de Fryske Beweging. "It is de taak fan in organisaasje as de Ried om ús op skerp te setten. De minister docht foarkommen dat de wichtichste problemen mei it Frysk no oplost binne. Blykber is dat net sa. Dêr moatte we it oer hawwe yn de Twadde Keamer. In petysje helpt my ek om it op de politike aginda te setten."

Van der Molen is it mei de Ried iens dat it Frysk wol wat sichtberder wêze mei yn it Fryske strjitbyld. "Ik bin der sels wol foar dat der ek plysje op plysje-auto's komt te stean, mar ik dêr no gjin tasizzings oer dwaan, want ik gean dêr net oer."

Benedictus skrok net fan dy reaksje. "Feroaringen gean net sa hurd yn dit lân, seker as it om taal giet. We sille oanhâlde moatte as storein. Mar de ûntfangst hjoed en de belangstelling fan de Twadde Keamer foar ús petysje foel my neat ôf."

(Advertinsje)
(Advertinsje)