Provinsje hâldt sinteraasje Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel yn de gaten

18 des 2018 - 16:45

De provinsje hâldt de finânsjes fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel it kommend jier ekstra yn de gaten. Dat is omdat de twa gemeenten gjin slutende begrutting hawwe foar 2019.

Baarch - Foto: Shutterstock.com

Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel ha beide in tekoart yn it sosjaal domein. Dat is de soarch en it wolwêzen, dêr't gemeenten ferantwurdlik foar binne. Beide gemeenten moatte besunigje. De provinsje hâldt ekstra petearen mei de beide gemeenten en sjocht ek mei by it opstellen fan finansjele plannen, lykas de begrutting foar 2020.

Provinsje hâldt ek Ljouwert en Noardeast-Fryslân yn de gaten

De provinsje folget ek hoe't it giet mei de besunigingen dy't de gemeente Ljouwert trochfiere moat. Dy hie deselde problemen as Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Ljouwert hat in hiel pakket oan besunigingsmaatregels betocht, dy moatte har beslach noch krije.

De nije gemeente Noardeast-Fryslân kin der ek op rekkenje dat de provinsje dêr de finânsjes yn de gaten hâldt. Troch de weryndieling hie de fúzjegemeente syn begrutting net op 'e tiid klear. Yn sa'n gefal is it gebrûk dat in gemeente ûnder tafersjoch fan de provinsje komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)