Aris hat no ek in ferfanger foar Johnny Williams

Basketbalklup Aris Ljouwert hat in nije spiler oanlutsen, as ferfanger fan pointguard Johnny Williams. It giet om de 23-jierrige Darian Anderson. De 1,86 meter lange spulferdieler kaam de ôfrûne fjouwer jier yn aksje foar de universiteit fan Fairleigh Dickinson, dat útkomt yn de Northeast Conference. Hy skoarde dêr in soad. Yn syn juniorjier (it tredde jier) kaam er ta 17 punten de wedstriid, yn syn seniorjier oant 14,2 punten de wedstriid en trije assists.
Darian Anderson © Aris
Yn jannewaris rekke Anderson blessearre oan syn ankelbannen, dêrtroch miste er de lêste twa moanne fan syn kolleezjejierren. Hy is no wer hielendal fit. Darian Anderson slút him nei de krystdagen oan by Aris, as alle papiereboel rûn is.
Anderson is oanlutsen as ferfanger fan Johnny Williams. Dy hie Aris frege om syn kontrakt te ûntbinen, fanwege in slepende blessuere.

Osaikhwuwuomwan

Moandei helle Aris ek al âlde bekende Craig Osaikhwuwuomwan werom nei Ljouwert. Hy moat Leonardo Eltink ferfange, dy't earder dit seizoen ek al ôfskied naam by de Ljouwerters.