Jorritsma ferbjustere oer tastân by SC Hearrenfean: gjin útlis oer opsizzen fertrouwen

18 des 2018 - 16:00

Ald-foarsitter fan de ried fan kommissarissen (rfk) fan Sportklup Hearrenfean, Jorrit Jorritsma, is ferwûndere oer de situaasje by de fuotbalklup. Jorritsma wie oant moandei foarsitter fan de rfk. Hy naam moandeitejûn yn de algemiene gearkomste foar oandielhâlders formeel ôfskied. It stichtingbestjoer seit op dy jûn de nije ried fan kommissarissen bekendmakke te hawwen, mar Jorritsma wit fan neat. "Dat berjocht krigen wy, krekt as jimme, pas tiisdei."

Foto: Omrop Fryslân

Ferline wike waard bekend dat it stichtingsbestjoer it fertrouwen opseit yn algemien direkteur Luuc Eisenga en de rfk mei foarsitter Jorritsma, Gerard Kremer en Hans Westerhof.

Moandei wie de algemiene gearkomste foar oandielhâlders. Dêryn waard de jierrekken oer it boekjier 2017-2018 ûnder oare goedkard. Neffens Jorritsma waard dêryn fierder net útlein wêrom't it fertrouwen opsein is. "En dêrom wie ik ferwûndere, mar ek omdat ik fan 'e moarn it parseberjocht seach wêryn't de nije leden fan de rfk bekend makke waarden."

Yn it parseberjocht stiet dat dy leden moandei yn de algemiene gearkomste foar oandielhâlders bekend makke binne, mar Jorritsma wit fan neat. "Net doe't wy der bysieten yn elts gefal, dus ik wit net wannear't se beneamd binne."

Jorritsma seit altyd mei in soad wille gearwurke te hawwen mei it stichtingsbestjoer. Hy is no offisjeel net mear yn funksje by SC Hearrenfean. "Ik winskje se, en dat mien ik echt, in soad sukses mei ús moaie klup. We ha de ôfrûne trije jier hiel goed gearwurke en echt wol wat berikt, mar dít hie ik, en dêr bin ik hiel earlik yn, ek net oankommen sjoen."

Nije rfk fan SC Hearrenfean

De nije rfk fan SC Hearrenfean bestiet no út Egbert van Hes, Willem Jan van Elsacker en Cees Roozemond. Dy lêste wie foarsitter fan it stichtingsbestjoer en wurdt dus no tydlik foarsitter fan de rfk. Sy sille ûnder oare de nije direksje gearstalle.

Roozemond is no dus foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Thialf én fan de ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean. Dat smyt om de klup hinne in soad diskusje op. De fraach dy't steld wurdt, is: is hjir gjin sprake fan belangeferfrisseling?

It stichtingsbestjoer wie oant no ta net berikber foar kommentaar.

(advertinsje)
(advertinsje)