Bekerwedstriid SC Hearrenfean kin dochs trochgean

18 des 2018 - 14:12

De bekerwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin ODIN'59 yn Velsen kin woansdeitejûn dochs trochgean. Der binne neffens de gemeente genôch maatregels naam om mooglike parkearoerlêst foar te kommen.

Foto: www.orange-pictures.nl

Sa binne der ekstra parkearplakken fûn en kinne supporters fan SC Hearrenfean de auto op in apart parkearterrein delsette. Der wurde boppedat ekstra ferkearsregelers ynsetten. It bestjoer fan ODIN hat syn fans oproppen om sa folle as mooglik te carpoolen of it iepenbier ferfier as de fyts te pakken.

De boargemaster fan Velsen hie drige mei in ferbod fanwegen parkearproblemen by it stadion. ODIN'59 komt út Heemskerk, mar om't de ljochtynstallaasje op it eigen sportpark net goed genôch is, wurdt de wedstriid yn it stadion fan Telstar yn Velsen spile. De wedstriid is útferkocht, lykas it optreden fan kabaretier Youp van 't Hek yn de skouboarch yn de buert fan it stadion.

It stadion en de skouboarch diele in parkearterrein, mar dat is te lyts as beide útferkocht binne. De plysje warskôget wol dat der strang tafersjoch wêze sil en dat foutparkearders in boete krije.

(advertinsje)