Cambuur foar beker nei Fortuna Sittard: "Kansloos ben je nooit"

Cambuur spilet woansdei yn de achtste finale fan de KNVB-beker de útwedstriid tsjin earedifyzjonist Fortuna Sittard. It wurdt in Limboarchske wike foar de Ljouwerters, want snein spilet Cambuur ek noch út tsjin MVV yn Maastricht.
Nino van den Beemt
Foar de bekerwedstriid fan woansdei kin trainer René Hake gjin berop dwaan op spits Nigel Robertha. Hy is siik. Syn plak yn de spits wurdt ynnaam troch Karim Rossi. Fierder feroaret Hake neat oan de opstelling yn ferliking mei dy fan ôfrûne freed, doe't Cambuur mei 1-0 ferlear fan FC Twente.

Lestige wike

René Hake neamt de kommende wike lestich. "Er wordt veel van ons gevraagd, maar wij hebben totaal geen invloed op de samenstelling van het competitieschema en de loting voor de beker. Wij moeten de arbeids-rustverhouding nog beter in de gaten houden."
Tsjinstanner Fortuna Sittard wûn ôfrûne snein yn De Kuip mei 2-0 fan Feyenoord. Hake: "Ik verwacht niet dat ze met dezelfde spelers zullen spelen en ik denk dat de strategie tegen ons ook niet dezelfde zal zijn als tegen Feyenoord. Zij zijn voorin heel goed, met goeie spitsen en buitenspelers. En hun beste speler komt van Cambuur: Mark Diemers." Hake erkent dat Cambuur net favoryt is yn dizze wedstriid, mar dat der altyd kânsen lizze. "Kansloos ben je nooit."
René Hake

Van den Beemt tsjin styfbroer

Foar middenfjilder Nino van den Beemt wurdt it de tredde wedstriid op rige yn de basis. De middenfjilder komt fan Rotterdam en treft yn dizze wedstriid syn styfbroer, Wessel Dammers. In bysûndere wedstriid dus foar Van den Beemt. "Ik volg Fortuna natuurlijk op de voet vanwege Wessel. We spreken elkaar iedere dag, maar voor deze wedstrijd hebben we het er alleen over hoe wij ons voelen en niet over wat er in de beide teams speelt."
Freonskips- en famyljebannen wurde by de wedstriid oan de kant setten, seit Van den Beemt: "We staan nu tegenover elkaar. Wij willen winnen, dus heb ik even niks met Wessel te maken. Het wordt een lastige wedstrijd, maar we gaan er zonder angst heen."