Sikehûspasjinten dogge alternative Alvestêdetocht

18 des 2018 - 13:40

Yn it Snitser Antonius sikehûs is tiisdei in nij middel ynsetten om de pasjinten yn beweging te krijen; in Alvestêdetocht mei stimpelposten en koek-en-sopie.

Sandra Timmermans fan de ried fan bestjoer fan de Antonius Zorggroep jout it startsein foar de Alvestêdetocht. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Under begelieding hawwe 40 pasjinten meidien. Ien fan harren die dat neidat hy it ôfrûne wykein in hertynfarkt hân hie. De man hat de echte Alvestêdetocht ek riden. Foldwaande beweging is wichtich, sa sizze de inisjatyfnimmers. Wa't twa wiken lang yn in sikehûs leit, kin wol de helte oan spierkrêft ferlieze.

'Mear organisearje'

En dat betsjut dat minsken nei de opname thús in soad dwaan moatte om de kondysje wer safier te krijen dat sy alles wer kinne. Fysioterapeuten en diëtisten besykje dat foar te kommen en wolle mear fan dit soarte 'sporteveneminten' organisearje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)