"Soarchplan Ljouwert moat werom nei de tekentafel"

18 des 2018 - 13:22

It plan foar ien grutte soarchalliânsje yn Ljouwert moat fan tafel. Der moat opnij nei sjoen wurde troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Dat fynt in grutte mearderheid yn de Ljouwerter gemeenteried. Woansdeitejûn wurdt der foar it earst oer praat yn de ried.

Troch Hayo Bootsma

Thússoarch - Foto: Omrop Fryslân

Ljouwert hat in probleem as it giet om de soarch. Al jierren binne der tekoarten. Om dy op te lossen woe it nije kolleezje de soarch oars ynrjochtsje. It moat folle minder burokratysk wurde en ek wurdt in berop dien op frijwilligersorganisaasjes. It moat der ek foar soargje dat minsken makliker holpen wurde. Dat útgongspunt is noch hieltyd goed en bliuwt fan belang foar de takomst, sa fynt kolleezjepartij PAL/GroenLinks.

Riedslid Femke Molenaar: "Het idee in de plannen is dat je de professionals in de zorg meer vrijheid geeft. Dat ze niet ieder half uur meer hoeven te verantwoorden. Dat is een behoorlijke omslag die gemaakt moet worden. Maar wel één die gemaakt dient te worden om geld te besparen."

Krityk

Dat plan fan it kolleezje kin rekkenje op in soad krityk. Ferline wike makken de ferskate soarchoanbieders yn Ljouwert al dúdlik dat se neat sjogge yn de plannen. Der mist in dúdlike fyzje, wie de krityk fan direkteur-bestjoerder Sjoerd Tolsma fan soarchoanbieder Amaryllis.

De krityk is dúdlik oankaam by de riedsleden. "Het zou een teken van kracht zijn om het plan nu terug te trekken," seit Carlijn Niesink fan de ChristenUnie. Se wurdt dêryn stipe troch Marcel Visser fan de VVD: "Het is duidelijk dat dit stuk terug moet naar de tekentafel. Zeker als de steun van de grootste partij binnen de coalitie wegvalt." Visser hat it oer de PvdA.

Het huis is in de fik gestoken en hij staat de ramen te lappen alsof er niets aan de hand is.

Mohammed Benmhammed

Dêr is riedslid Mohammed Benmhammed helder: "De wethouder moet het van tafel halen. Het huis is in de fik gestoken en hij staat de ramen te lappen alsof er niets aan de hand is. Er is overduidelijk geen draagvlak bij de verschillende aanbieders en ook mijn fractie ziet het absoluut niet zitten."

Hy is ek benaud foar it oanbesteegjen fan de soarch: "Dan krijg je een partij als Incluzio. Mensen uit Utrecht gaan dan hier bepalen wat nodig is. Dat zie ik niet zitten." It CDA liet ferline wike ek al trochskimerje dit plan net sitten te sjen.

'Duidelijk antwoord'

Julie Bruijnincx fan D66 wol der ek noch net fan ôf: "Ik hoor veel van verschillende kanten. Maar er is in de raad nog niet over gesproken. Ik hoor en zie de kritiek, maar ik wil eerst wel een duidelijk antwoord op alle vragen die we nog hebben."

It hoecht dan ek net fuort werom nei de tekentafel. "Kijk, de bezuinigingsdoelstellingen moeten gehaald worden. De zorgaanbieders hebben aangegeven dat ze dat kunnen, maar ik heb nog geen duidelijke onderbouwing gezien."

Dêryn wurdt se stipe troch Molenaar: "Kunnen ze echt staan voor de bezuinigingsdoelstelling van ruim drie miljoen volgend jaar?" It PAL/GrienLinks-riedslid sjocht fierder dat de diskusje oer de feroaring fan de soarch al in soad oplevere hat: "De grootste zorgaanbieders zijn al samen gaan werken. Die zijn dus al een soort van alliantie. Datzelfde zie je ook bij de vrijwilligersorganisaties."

Politike realiteit

Ferantwurdlik wethâlder Herwil van Gelder woe ferline wike noch neat witte fan oanpassing fan de plannen. Hy sei ta oan de slach te gean mei de krityk en de plannen fan de ferskate soarchoanbieders. Mar foar Van Gelder moat de politike realiteit ek dúdlik wêze. De mearderheid fan de partijen yn de ried stimt net yn mei de plannen dy't foarlizze.

De fraach is no oft hy noch foar de riedsgearkomste fan woansdei it stik weromlûkt of dat hy wachtet op it debat yn de gemeenteried. Ferline wike hie dat lêste syn foarkar. Hy wol graach it debat oangean oer de takomst fan de soarch yn Ljouwert. De útkomst is lykwols no al helder: it plan moat werom nei de tekentafel. Van Gelder hat dan oant ein jannewaris om mei in goed alternatyf te kommen.

De gemeente Ljouwert hat yntusken bekendmakke dat it stik woansdeitejûn gewoan behannele wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)