Nije eigener foar wettertoer Frjentsjer: "Ik heb grootse plannen met de toren"

18 des 2018 - 13:08

De Frjentsjerter ûndernimmer Gerard Hoogland is de nije eigener fan de wettertoer yn Frjentsjer. De 48 meter hege toer is yn septimber yn de ferkeap set troch wetterliedingbedriuw Vitens.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van Dijk

Wat Hoogland foar it ryksmonumint en byldbepalend objekt betelle hat, wol er net sizze. Ek oer de bestimming kin Hoogland noch net in soad kwyt. Der komme yn alle gefallen gjin apparteminten yn. Mooglik wol hotelkeamers, mar ek dat is noch net dúdlik. "In de derde week van januari ga ik met de gemeente Waadhoeke in gesprek om te kijken wat wel en wat niet mag. De vraag is ook of we de watertoren in zijn oude staat terug kunnen brengen. We kunnen er wel verdiepingen in maken."

Hoogland seit wol dat de toer in kulturele bestimming kriget dêr't ek Frjentsjer fan profitearje kin. "Ik heb grootse plannen met de watertoren, in de herfst van 2019 moet alles klaar zijn."

Neffens Hoogland hie Vitens fjouwer partijen útnûge om in presintaasje te jaan. Fanwegen de maatskiplike ynfolling en it bêste bedrach gong de keap nei him ta.

Tsjerke

De ynvestearder kocht earder yn Frjentsjer de grifformearde tsjerke oan de Sulverstrjitte. Ek yn Peins kocht hy de tsjerke. Beide gebouwen wurde ferboud ta wenhûs. Hoogland docht de ynvestearring mei de opbringsten fan de ferkeap fan seis Burger King-restaurants dy't hy hie yn ûnder oare Roermond en Emmen.

(advertinsje)
(advertinsje)