De krystdagen komme der wer oan en dus hawwe slachters it drok

18 des 2018 - 12:39

De krystdagen komme der wer oan en dat betsjut wer drokte foar de slachters. Yn dizze dagen binne se drok mei de bestellingen foar de dagen dat we mei-inoar oan it diner gean.

Slachters hawwe it drok

Read fleis en wyld binne faak de yngrediïnten fan it krystmiel. En fansels de rollade. By slachter Schreiber yn Ferwert ha se it der ek drok mei. Yn de wike foar de krystdagen is it foaral drok mei pakketten foar bygelyks bedriuwen. Relaasjegeskinken wurde dan makke.

Wyld slachtsje se net sels. Dêrfoar hat de slachter gjin fergunning. Dat wurdt by de poelier weihelle. Oar fleis fan kij, boargen en skiep komt wol fan de eigen slacht.

Trend

De trend is de lêste jierren wol hieltyd mear duorsum fleis dat net bewurke is. Fan de biologyske boer of wyld lykas hert, hazze en goes. Schreiber hellet it wyld by jagers út de omjouwing wei. Je hoege it net fan fier te heljen fynt hy.

Op dit stuit wurde yn de Oostvaardersplassen in hiel soad herten deasketten. In grut part dêrfan komt by de poelier. Fan ien hert kinne sa'n 100 gesinnen ite, neffens Schreiber.

Sievert Schreiber oer de drokte

Wyld

Jager Gjalt Wijbenga sjit dizze dagen ek aardich wat wyld. Hy ferkeapet it lykwols net. It fleis fan de hazzen en fazanten jout hy fuort oan kunde en famylje. Reeën wurde net safolle sketten omdat der by wyldbehear oan spesjale regels foldien wurde moat om dit wyld te sjitten.

Neffens Wijbenga wurdt der yn ferhâlding net safolle wyld iten yn Nederlân, mar groeit it tal iters fan wyld fleis wol omdat it 'echt' skarrelfleis is. Der moat ek noch altyd ymportearre wurde út oare lannen omdat der op de Nederlânske jagersmerk net oan it ferlet fan wyld fleis foldien wurde kin.

Foar de Schreibers is it ek de kommende dagen noch hurd wurkjen. Wyld kin net sa lang bewarre bliuwe, dus wurdt dat sa koart mooglik foar de krystdagen ferkocht.

Jager Gjalt Wijbenga oer de krystdagen

Trefwurden: 
slachter krystdagen wyld
(Advertinsje)
(Advertinsje)