Meldkeamer krijt soad telefoantsjes nei ôffakkeljen gas by tankstasjon A32

18 des 2018 - 12:03

De meldkeamer yn Drachten is tiisdeitemoarn platbelle troch automobilisten dy't by it Gulf-tankstasjon lâns de A32, tusken It Hearrenfean en Wolvegea, in grutte flam seagen. De meldkeamer koe de automobilisten gerêst stelle: der waard yn de buert fan it tankstasjon kontroleard gas ôffakkele.

Foto: SRFOTOGRAFIE

Foar wa't der lâns ried, wie it krekt as wie der brân by it tankstasjon. Fanwege alle reaksjes pleatste de meldkeamer in berjocht op Twitter.

It komt faker foar dat tankstasjons gas ôffakkelje. By it skjinmeitjse fan de lpg-tanks, wurde de restanten gas út de tanks opbrând.

(advertinsje)
(advertinsje)