Drachtster oanhâlden as fertochte gewelddiedige oerfal op pizzeria

18 des 2018 - 11:38

De plysje Grinslân hat moandei in 18-jierrige Drachtster oanhâlden as fertochte fan in wapene oerfal op in pizzeria yn it Grinzer Marum. De plysje hat tagelyk in 20-jierrige fertochte út de gemeente Marum oanhâlden. Earder al wie in tredde fertochte, in 18-jierrige man út it Drintske Roden oanhâlden.

Arrestaasje - Foto: Shutterstock.com

It trio soe ein oktober de pizzeria oerfallen ha. By de oerfal waard in soad geweld brûkt. Op bylden wie te sjen dat de oerfallers fuortendaliks op de eigener begûnen yn te slaan. Dy rekke derby út de tiid en moast nei it sikehûs oerbrocht wurde. De dieders naaiden út mei de kassa.

De bylden wiene te sjen yn it opspoaringsprogramma Opsporing Verzocht. Dat smiet 180 tips op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)