Cees Roozemond wurdt tydlik de foarsitter fan SC Hearrenfean

18 des 2018 - 11:30

By de Algemiene Fergadering fan oandielhâlders fan SC Hearrenfean is moandeitejûn in nije ried fan kommissarissen (rfk) beneamd.

Foto: www.orange-pictures.nl

Ferline wike hie it stichtingsbestjoer, it heechste orgaan binnen de klup, it fertrouwen opsein yn Jorrit Jorritsma, Gerard Kremer en Hans Westerhof. Dizze trije foarmden sûnt 2016 de ried fan kommissarissen by SC Hearrenfean.

Wa foarmje de nije ried fan kommissarissen?

Cees Roozemond is út it stichtingsbestjoer oerhevele en wurdt tydlik de foarsitter fan de rfk. Dêrneist sille Egbert van Hes en Willem Jan van Elsacker yn de ried komme. Letter sil der noch in kommissaris technyske saken beneamd wurde.

Van Hes wie yn 2013 ek alris tydlik kommissaris fan SC Hearrenfean. Van Elsacker siet earder yn de direksje fan Thialf. Roozemond is ek foarsitter fan de rfk fan Thialf.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean rfk
(Advertinsje)
(Advertinsje)