Avine Fokkens út Ljouwert op 13e plak foar VVD yn Earste Keamer

Avine Fokkens út Ljouwert stiet foar de VVD foarearst op it 13e plak foar in sit yn de Earste Keamer. De VVD hat op it stuit 13 sitten, Fokkens stiet dêrmei op in ferkiesber plak.
Avine Fokkens © Omrop Fryslân
Fokkens is no fraksjefoarsitter fan de VVD-fraksje yn Provinsjale Steaten. Yn in earste reaksje seit Fokkens hiel bliid te wêzen mei de nominaasje. De leden moatte de definitive list noch befêstigje.
Yn maart takom jier binne der ferkiezingen foar Provinsjale Steaten, dy't yn maaie de senatoaren foar de Earste Keamer kieze.