Plysje brekt efterfolging mei spûkriders ôf fanwegen gefaarlike situaasjes by De Lemmer

De plysje Noard-Nederlân hat tiisdeitemoarn yn aksje west fanwegen spûkriders op de A6, dat meldt Omrop Flevolân.
De A6 © ANP
It giet om twa manlju dy't har frjemd gedroegen op in parkearplak yn Marknesse. Doe't se de plysje Midden-Nederland seagen, naaiden se út oer de A6 rjochting De Lemmer.
Dêrby kearden se op in bepaald momint by Eastersee om en rieden yn de ferkearde rjochting werom. Omdat dat gefaarlike situaasjes opsmiet, is de plysje ophâlden mei achterfolgjen. De manlju binne letter net mear fûn.