Ljouwerter Diemers oer bekerwedstriid tsjin Cambuur: "Wij zijn favoriet"

18 des 2018 - 08:20

De wedstriid yn de achtste finales fan de KNVB-beker tusken Fortuna Sittard en SC Cambuur wurdt bysûnder foar Mark Diemers. Hy waard berne yn Ljouwert, hat Cambuur yn syn hert sletten, mar fuotballet no foar Fortuna.

Mark Diemers yn aksje foar Fortuna Sittard - Foto: Orange Pictures

"Ik heb er wel heel veel zin in ja", fertelt Diemers. "Het is voor mij altijd een aparte wedstrijd. Ik ben al wat jaartjes weg, maar Cambuur blijft mijn cluppie. Dus ik kijk er zeker naar uit."

De middenfjilder fan Fortuna Sittard belibbet moaie tiden by syn klup. Yn it earste jier yn de earedifyzje dogge de Limboargers it goed. Sá goed sels, dat ôfrûne snein Feyenoord yn De Kuip mei 2-0 ferslein waard. "We doen het leuk in de eredivisie als promovendus, maar dat wil niet zeggen dat je 'even' van Cambuur wint. Cambuur heeft geen slechte ploeg."

Mark Diemers spile yn de jeugdoplieding by SC Cambuur en debutearre yn it seizoen 2012/2013 foar dy klup. Hy waard dat jier fuortendaliks kampioen mei de Ljouwerters yn de earste difyzje. Nei Cambuur spile hy foar FC Utrecht en De Graafschap. Dit seizoen spilet de Ljouwerter mei Fortuna Sittard yn de earedifyzje.

Mark Diemers yn 2012 yn it shirt fan Cambuur - Foto: Orange Pictures

Wij mogen niet die misplaatste arrogantie hebben om Cambuur te onderschatten.

Mark Diemers fan Fortuna Sittard

Favoryt

Neffens Diemers is Fortuna Sittard woansdei wol de favoryt. "Ja, dat is wel duidelijk. Dat moet ook. Wij staan tiende in de eredivisie en Cambuur twaalfde in de eerste divisie. En we spelen ook nog thuis. Maar op papier is alles leuk, maar papier beweegt niet. Het wordt in ieder geval een leuke en speciale wedstrijd."

De sfear by Fortuna is poerbêst nei de oerwinning op Feyenoord. Mooglik dat Cambuur dêrfan profitearje kin, as Fortuna de Ljouwerters ûnderskat. "Dat zie je wel vaker, maar wij mogen niet die misplaatste arrogantie hebben. Ik verwacht een moeilijke wedstrijd. Beker is iets aparts. Dan winnen amateurs opeens van profclubs. Het is nooit makkelijk."

Diemers is noch geregeld yn 'syn' stêd Ljouwert. Sa no en dan sjocht er ek wol in wedstriid fan Cambuur. Wat foar byld hat Diemers fan syn âlde klup? "Lastig te zeggen. Ze zijn wisselvallig. Ze hebben een paar goede wedstrijden gespeeld, maar ook wedstrijden waarin ze heel matig zijn. In de eerste divisie zitten veel topploegen. Een twaalfde plaats is normaal Cambuuronwaardig, maar in dit geval is het lastig om hoog te eindigen met al die topploegen."

De wedstriid tusken Fortuna Sittard en SC Cambuur set woansdei om 19.45 oere útein en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Geert van Tuinen docht ferslach út Sittard wei.

Ek de bekerwedstriid fan SC Hearrenfean, tsjin de amateurs fan ODIN'59, is live te folgjen yn it ekstra sportprogramma. Fan 18.30 oere ôf bringt Arjen de Boer jo op de hichte fan it ferrin fan dy wedstriid.

(advertinsje)