It Hearrenfean? Op 8 maart hjit it doarp in dei 'Vrouwenveen'

18 des 2018 - 08:07

'Heerenveen' wurdt op 8 maart takom jier omdoopt ta 'Vrouwenveen'. It giet om in inisjatyf fan D66 yn de gemeenteried.

It stasjon fan It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dat wol sa omtinken freegje foar it belang fan diversiteit yn de polityk, en de rol fan de frou dêryn yn it bysûnder. De gemeenteried fan It Hearrenfean stimde moandei yn mearderheid yn mei it foarstel.

Takom jier is it 100 jier lyn dat froulju yn Nederlân kiesrjocht krigen, twa jier letter as dat dat foar manlju ynfierd waard. Op inisjatyf fan D66 komt der ek in plan om mei te dwaan oan nasjonale en provinsjale inisjativen om 100 jier kiesrjocht foar froulju út te dragen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)