Kollum: "Skaf de krystdagen mar ôf"

18 des 2018 - 07:47

"Desimber is, behalve in feestmoanne, ek in moannne fan refleksje: it is net allinne in tiid fan kado's jaan en krije, mar benammen ek in perioade fan stilstean by wichtige saken, fan werom- en foarútsjen.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Lyksa is it in moanne dy't stiif stiet fan tradysjes. Guon dêrfan lizze bleat foar feroaringen, oaren komme derby. Ien fan dy nije tradysjes is it deadzjen fan minsken op krystmerken. Foarige wike wie dat yn Straatsburg wer it gefal. En it rare is dat it begjint te wennen. Je hearre der net mear frjemd fan op. Al dat geweld begjint ôf te stompen. Wy lêze it yn de app, sjogge it op 'e telefyzje, sizze tsjininoar hoe slim oft it is en gean oer ta de oarder fan 'e dei. Oanslaggen op krystmerken hearre derby as oaljekoeken by âld en nij, as omke Sjoerd dy't oan 'e ein fan earste krystdei mei in ôfwasktobke op bêd giet en as it skânsspringen op 1 jannewaris yn Garmisch-Partenkirchen.

Faak is dat geweld religieus ynspirearre. Yn it gefal fan de Francomarokkaan Chérif C. kinst dy dat trouwens ôffreegje. Hy rôp fan Allahu Akbar, skynde yn de finzenis radikalisearre te wêzen, mar wie foar dy koarte perioade al in agressive, kriminele kloatsek dy't 27 kear feroardiele wurden wie foar ûnder oaren ynbrekken en it brûken fan geweld. Syn oannommen ekstremisme liket dêrmei earder in ferlechje foar it samar deadzjen fan minsken, as in troch de jihad ynspirearre died.

Likegoed begjint dy oars sa smûke desimbermoanne te suchtsjen ûnder it gewicht fan religy. Of de útwaaksen dêrfan. Sa hie de Rotterdamske akteur Nasrdin Dchar yn al syn ûnskuld in foto makke fan de krystbeam dy't er optuge hie. Mei de tekst 'I love Christmas' dêrby. Hy stie der yn in tradisjoneel gewaad, de Djellaba, neist, want Nasrdin Dchar is in moslim. Nei't er dy foto online setten hie, bruts de pleuris út. 'De grutste sûnde yn de islam', sei ien fan de broeders, in oar rôp dat er 'opkankerje' moast en wer in oar neamde him in 'ûnleauwige kankerhûn'. Sels syn âlden waarden yn de shitstoarm behelle.

Al dy haat en ferwinskingen waarden oer him útstoart om't er as moslim gjin krystdagen heart te fieren. De akteur reagearre op Instagram op alle kommoasje. Hy sei dat er, doe't er yn syn Djelleba dwaande wie om de krystbeam op te tugen, him betocht dat dêr skjintme yn siet. Want wat er seach wie hoe't ferskillende wrâlden ien waarden. Syn gesin. Marokkaansk, Nederlânsk, Yndonezysk, Islamitysk en Westersk. Alles yn ien. En dat se as gesin dêrfan leare en genietsje koene. Men soe sizze: mear krysttiid as dat wurdt it net. Dochs smiet dat ultime teken fan yntegraasje allinne haat en deadlike sykten op.

Hawar, as tradysjes bleat lizze foar feroaringen moatte wy miskien de krystdagen sa't wy dy no kenne ôfskaffe, en ferfange troch it Joelfeest, de Wintersinnekear. In feest fan tolve dagen, dêr't de koartste dei de wichtichste fan is. Dan kinne de beam en de ljochtsjes bliuwe, mar ferfalle de eastersk-religieuze konnotaasjes. Ein goed, al goed. Ik winskje jimme allegearre hiele goede Júldagen ta."

(Advertinsje)
(Advertinsje)