Frysk prate moat by iepenbiere funksjes, seit Ried: "It is gjin Sinees"

De ôfspraken dy't de provinsje dit jier mei it Ryk makke hat oer de takomst fan de Fryske taal, geane lang net fier genôch. Dat fynt de Ried fan de Fryske Beweging.
© Ried fan de Fryske Beweging
Neffens dy Ried soene skoallen it Frysk as ynstruksjetaal brûke moatte. En minsken dy't wurksum binne by oerheden, yn de rjochtspraak, of yn oare iepenbiere funksjes, soene it Frysk aktyf behearskje moatte.
Om dat foar inoar te krijen, biedt de Ried fan de Fryske Beweging tiisdeitemiddei yn de Twadde Keamer in petysje oan, oan de keamerleden fan de kommisje fan ynlânske saken. "As we sjogge dat al yn 1980 it Frysk in ferplicht fak waard en as we no sjogge hoe folle minsken bygelyks Frysk skriuwe kinne, dan hâldt it net oer", seit Pier Bergsma.
Pier Bergsma fan de Ried
Hy is ien fan de minsken dy't út namme fan de Ried nei Den Haach ta gean. "De ambysje fan de provinsje moat grutter wêze en der moat mear kontrôle komme. Papier is geduldich, it giet derom wat je dogge. Deputearre Poepjes en kommissaris Brok prate beiden Frysk, mar it giet der ek om wat je yn de praktyk dogge."
It is gjin Sinees wat jo freegje fan de minsken.
Pier Bergsma
In aktive behearsking fan de taal moat neffens de Ried in funksje-eask wêze, foar minsken dy't yn it bestjoer, de rjochtspraak en oare iepenbiere tsjinsten wurkje. "Dat kinne je net fuortendaliks easkje, mar dat soe wol moatte by nije beneamingen. Sa muoilik hoecht it net te wêzen, it is gjin Sinees wat jo freegje fan de minsken. Sy moatte de taal dy troch 300.000 minsken sprutsen wurdt, behearskje. Dat fine wy net te fier gean."
Der komme mear petysjes binnen yn Den Haach. De Ried fan de Fryske Beweging sil harren eigen petysje net ferjitte, seit Bergsma. "It kin lang duorje mei dizze plannen, mar de Fryske Beweging is in libbene organisaasje mei in soad minsken dy't der wol wat foar dwaan wolle en wy sille wol yn de gaten hâlde wat der fan telâne komt."