Fermiste maresjaussee Sicco Cuperus fan Ljouwert op nije coldcasekalinder

18 des 2018 - 06:07

De fermiste maresjaussee Sicco Cuperus fan Ljouwert stiet op de nije coldcasekalinder dy't yn jannewaris útkomt. De kalinder wurdt troch de plysje ferspraat by finzenissen en de reklassearring, plakken dêr't hope wurdt op nije tips.

Fermiste maresjaussee Sicco Cuperus

De Ljouwerter Sicco Cuperus rekke op pinkstermoandei 2014 fermist. Yn syn hûs stie de telefyzje noch oan en lei syn telefoan oan de lader. Sicco syn auto wie wol fuort, dy waard in pear dagen letter yn Marrum oantroffen. Fierder binne der nea echte oanknopingspunten fûn om it mystearje op te lossen.

Gona en Piet Cuperus mei de coldcasekalinder - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

At ien wat wit, lit dy dat dan no asjeblyft sizze. Al is it ek it slimste.

Mem Gina Cuperus

De famylje hat earder al alle mooglike help ynroppen fan telefyzjeprogramma's en oare media, mar sûnder resultaat. "Dat dit allegear trochgiet en neat opsmyt, dat sloopt jo", fertelt heit Piet Cuperus. Syn frou Gina sjocht de kalinder as in lêste striehaal: "At ien wat wit, lit dy dat dan no asjebleaft sizze. Al is it ek it slimste."

Sicco Cuperus op de coldcasekalinder - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Mooglik slachtoffer fan misdied

Dat de ynformaasje fan de fermiste maresjaussee no op de coldcasekalinder stiet, bestjut net perfoast dat de plysje derfan út giet dat Sicco slachtoffer is fan in misdied. "Mar it soe wol hiel goed kinne", seit heit Piet. "Sicco wurke as opspoaringsamtner by it Waad en dêr bart in soad. Miskien wie er wol wat op it spoar, jo witte it net."

It ferhaal fan Sicco syn fermissing stiet yn de kalinder by de moanne juny, de moanne wêryn't hy fermist rekke. Der leit in beleanning fan 15.000 euro klear foar tips dy't ta in oplossing liede.

Ferslachjouwer René Koster wie by de heit en mem fan Sicco Cuperus

(Advertinsje)
(Advertinsje)