'Blokkeerfries' is it wurd fan it jier

'Blokkeerfries' is útroppen ta wurd fan it jier 2018. It wurd krige 55 prosint fan de stimmen en kaam dêrmei fier út boppe 'yogasnuiver' en 'mangomoment.'
Der is yn totaal 28.000 kear stimd. It wurd fan it jier is in inisjatyf fan de Dikke van Dale.
Dy omskriuwt it wurd 'Blokkeerfries' as "elk van de personen die in Friesland een wegblokkade hebben opgezet om anderen te verhinderen te demonstreren tegen een aspect van de sinterklaastraditie, door sommigen beschouwd als verdediger daarvan."
A7-blokkade © Camjo Media