Boargemaster Velsen driget bekerwedstriid SC Hearrenfean te ferbieden om Youp van 't Hek

17 des 2018 - 22:31

Der bestiet in kâns dat de bekerwedstriid fan Hearrenfean tsjin ODIN'59 net trochgiet. Dat meldt it Noardhollânsk Deiblêd. Neffens dy krante soe de boargemaster fan Velsen driigje mei in ferbod, as parkearproblemen by it stadion net oplost wurde. De wedstriid wurdt spile yn Velsen, yn it stadion fan Telstar, omdat de ljochtynstallaasje op it sportpark fan ODIN net goed genôch is. In wurdfierder fan Telstar seit tsjin Omrop Fryslân dat de problemen oplost wurde sille.

De stadionlampen fan it Telstarstadion - Foto: www.orange-pictures.nl

De gemeente is bang foar parkeardrokte omdat besikers fan in skouboarch yn de buert de auto ek kwyt moatte. Der wurde in protte minsken ferwachte, omdat Youp van 't Hek dêr optreedt. De seal is útferkocht.

Telstar moat foar twa oere tiisdeitemiddei mei in oplossing komme, en ferkearsregelders tasizze. "Mocht deze garantie niet komen, dan verbiedt mogelijk de burgemeester de wedstrijd", seit in gemeentewurdfierder tsjin it Noardhollânsk Deiblêd.

Problemen delbêde

Wurdfierder Dennis Bliek fan Telstar is derfan oertsjûge dat der foar dy tiid in goede oplossing leit.

Bestjoerslid Joop de Vries lit út namme fan ODIN'59 witte dat er fernuvere is troch de útspraken fan de boargemaster. "Ik kreeg juist vorige week nog het bericht dat alles dik in orde was", seit er tsjin NH Nieuws. "Maar ik heb er vertrouwen in dat het wel goed komt."

(advertinsje)
(advertinsje)