Provinsje kin de bouplannen fan Cambuur noch fertraagje

De provinsje kin de plannen foar it nije Cambuurstadion noch flink fertraagje. Dat seit wethâlder Henk Deinum fan de gemeente Ljouwert. De provinsje is frege om in finansjele bydrage foar de ûntwikkeling fan it gebiet. De oanfraach leit no by it provinsjaal bestjoer.
© Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
De bydrage fan de provinsje is nedich om de plannen finansjeel rûn te krijen. De stikken mei de oanfraach binne ôfrûne freed ferstjoerd troch de gemeente Ljouwert. De hoop is dat it provinsjaal bestjoer, Deputearre Steaten, sa gau as mooglik in beslút nimt. De stikken kinne dan nei de Steaten ta, dy't dêr dan in beslút oer nimme moatte.
De hoop by de riedsleden is dat dat bart foar de kommende Steateferkiezings yn maart. Slagget dat net, dan rinne de bouplannen fertraging op.

Riedsleden posityf oer plannen

De Ljouwerter riedsleden binne oer it gehiel sjoen ridlik posityf oer de bouplannen, al woene se witte oft de hantekens fan alle partijen no echt set wurde.
Dat wie earder dit jier in probleem, doe't ROC Friese Poort him tydlik weromluts út it bouprojekt. Neffens wethâlder Henk Deinum moat dat no goed komme. De earste en belangrykste hantekens binne al set en binnen.

'Second opinion'

Deinum sei ek dat der wurke wurdt oan in 'second opinion' fan it hiele plan. Dan wurdt besjoen oft der saken ferjitten binne.
Ek út de Skriuwersbuert, dat is de wyk njonken it WTC Expo, is in second opinion oanfrege. It wykpanel wol in ekstern buro neirekkenje litte oft de ferwachtingen fan de gemeente oer ljocht- en lûdsoerlêst doge.