Fiif partijen yn kolleezje Noardeast-Fryslân: CDA, FNP, S!N, CU en VVD

Der komt in kolleezje fan fiif partijen yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân: CDA, FNP, S!N, ChristenUnie en VVD. Dat is it advys fan ynformateur Theo Joosten. Hy hat mei alle acht fraksjes praat.
Fiif partijen yn kolleezje Noardeast-Fryslân
De koälysje hat mei 23 fan de 29 sitten in útsûnderlik grutte mearderheid. Allinne de PvdA (3 sitten), Gemeentebelangen (2 sitten) en ELP-NEF (1 sit) dogge net mei.
De partijen ha foar in brede koälysje keazen omdat se ferantwurdlik binne foar de start fan in nije gemeente. Dat soarget foar ekstra ynset fan it bestjoer.
"Op grond van inhoudelijke overeenkomsten, de verkiezingsuitslag en de wens een college te vormen dat kan rekenen op een breed draagvlak, ben ik tot deze conclusie gekomen", seit Joosten.
Dat der fiif partijen yn de koälysje komme, wol net sizze dat der ek fiif fulltime wethâlders komme. Dat meldt de gemeente. It nije kolleezje soe op 2 jannewaris beneamd wurde moatte.
Lieuwe Sytsma fan it CDA © Omrop Fryslân
De gemeente Noardeast-Fryslân ûntstiet op 1 jannewaris nei in fúzje fan de gemeenten Ferwerderadiel, Dongeradiel en Kollumerlân c.a. Op 21 novimber wiene der ferkiezingen.