Empatec komt mei eigen stander foar fjoerwurkpylken

It bedriuw Empatec Metaal út Snits komt mei in eigen stander foar fjoerpylken. Sûnt dit jier meie konsuminten gjin fjoerpylken sûnder stander mear ôfsjitte.
Empatec komt mei eigen stander foar fjoerwurkpylken
De ferkeappunten fan fjoerwurk binne ferplichte om in stander foar fjoerpylken te leverjen by de oankeap fan de pylken. Troch de resinte regeljouwing en de tiidsdruk driget der in tekoart oan standers.
Empatec hat in oare stander betocht as de gongbere op de merk op dit stuit. Dy fan it Snitser bedriuw bestiet út trije parten en net út ien gehiel. It bedriuw sil de stander nei ferwachting tiisdei yn produksje nimme.
De fjoerwurkstander © Empatec