PvdA-listlûker Roskam: "Politisy meie wolris wat better lústerje nei de minsken"

17 des 2018 - 20:18

PvdA-listlûker Marijke Roskam tinkt dat se ek sûnder politike ûnderfining de partij fierder helpe kin. "Ik stap de polityk yn omdat Fryslân djip yn myn hert sit", sei se moandei yn It Polytburo by Omrop Fryslân. Roskam (37) waard sneon ferkeazen ta listlûker fan har partij foar de Provinsjale Steateferkiezingen fan takom jier.

Marijke Roskam yn It Polytburo

Boppedat tinkt Roskam dat se genôch ûnderfining opdien hat yn oar wurk. Se hat yn de sjoernalistyk wurke en as deifoarsitter. "Dêrfoar dûk ik yn allerhande dossiers dêr't se har ek yn de Steaten dwaande mei hâlde." En dus fynt se harsels beslist gjin amateur.

It fak past har wol, tinkt se: "Je moatte goed lústerje kinne. Ik tink dat politisy wol wat better lústerje meie nei de minsken. Fierder moatte je goed fragen stelle kinne, dêr bin ik ek al jierrenlang goed yn. En je moatte allegear ûnderwerpen je eigen meitsje: by in boer op it hiem stean, it ûnderwiis, de soarch."

Opkomme foar de minsken

Roskam wol mei har partij opkomme foar de minsken dy't it net meisitten hat. "We komme op foar minsken dy't wolris pech ha en foar minsken dy't graach dingen dwaan wolle. Yn dit jier ha we mei Kulturele Haadstêd in soad mooglik makke foar minsken dy't wat dwaan woene yn har doarp of wyk." Se heart net by de elite, fynt se. "Ik stean net foar in 'betutteljend' fingerke. Ik kin sá genietsje fan minsken dy't der wat fan meitsje wolle. Dêr rekkenje ik mysels ek ûnder."

Har partij hat it de ôfrûne ferkiezingen faak net goed dien. Yn Fryslân sit de partij dizze perioade foar it earst net yn it kolleezje fan Deputearre Steaten, mar yn de opposysje. Roskam wol mei har partij no wer gean foar in rol yn it bestjoer. "Yn ús programma stiet dat we minsken fierder bringe dy't wat wolle: boeren, ûndernimmers, minsken yn de wiken en doarpen. Dat moat mei banen."

Kultuer hat ynfloed op fêstigingsklimaat

Benaud dat banen út Fryslân ferdwine, is Roskam net. "Minsken witte Fryslân te finen. De kultuer hat in hiel grutte ynfloed op it fêstigingsklimaat. Minsken ha net mear it idee datst hjir neat kinst. In goed fêstigingsklimaat helpt hiel bot, mar ek dat we minsken helpe wolle. As je net de geskikte oplieding ha of as je thús sitte, dan moatte je holpen wurde. Dêr is myn partij foar. Der sitte genôch minsken thús dy't fan alles kinne. We freegje de minsken wat har talint is. Net oft se har sollisitaasjebrief wol ferstjoerd ha."

Hiel tefreden oer it hjoeddeistige kolleezje is Roskam net. "De minsken sizze ek: se ha op de winkel past. Net mear, net minder." De PvdA hat de ôfrûne jierren dus yn de opposysje sitten en dêryn wie de partij net altyd hiel sichtber. "Opposysje fiere is ek lestich as de koälysje net iepen stiet en net sa ûntfanklik is foar kommentaar of nije ideeën", seit Roskam.

Roskam giet foar tolve sitten

As de PvdA yn de kommende perioade wol yn it kolleezje komt, dan slút Roskam net út dat se deputearre wurdt. "Ik stean der iepen foar. Mar ik moat earst mar sjen hoe't ik it de kommende moannen doch." Roskam hopet op tolve sitten by de Steateferkiezingen. Har partij hat no sân. "Mar we moatte in goed kampanje fiere. As it giet om mienskip, wurk, natuer en as minsken wat wolle, dan binne wy har partij."

De Provinsjale Steateferkiezingen binne op woansdei 20 maart.

(Advertinsje)
(Advertinsje)