Tiisdei stabiliteitsproef by iishockeyhal op It Hearrenfean

In spesjalisearre bedriuw sil tiisdeitemiddei in stabiliteitsproef hâlde by de iishal fan It Hearrenfean. Dy hal is al twa wiken ticht, omdat de konstruksje net stevich genôch wêze soe. Troch mei in takel oan it gebou te lûken, wylst der nei de beweging fan it dak sjoen wurdt, sil yn de praktyk bepaald wurde hoe stevich oft de iishal noch is.
De iishockeyhal yn Thialf © www.orange-pictures.nl
Earder is der al in teoretyske mjitting dien, mei in 3D-model fan de hal.

Muorren net stabyl genôch

Twa wiken lyn is de iishockeyhal sletten troch boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean. De muorren soene net stabyl genôch wêze.
De iishockeyers fan de UNIS Flyers kinne de thúswedstriden no net yn it iishockeystadion spylje. De wedstriid dy't ôfrûne sneon spile wurde soe tsjin de Belgyske ploech Herentals is dêrom ferpleatst nei jannewaris.

Moat net te lang duorje

Foarsitter Henk Hoekstra fan UNIS Flyers hat earder al witte litten dat de situaasje mei de iishal net te lang duorje moat. Uteinlik soe sels it bestean fan de klup yn gefaar komme kinne.